Luie Hond wint Fryske Poppriis
Luie_Hond is de grutte winner wurden fan de Fryske Poppriis 2006. De priis bestiet út in sjek fan 2500 euro.
De útrikking fûn tongersdeitejûn plak op it Gala van de Fryske Popmuzyk yn skouboarch De_Lawei yn Drachten. Dit evenemint waard foar it earst holden om Fryske popmuzikanten yn it sintsje te setten. 2006 wie in tige súksesfol jier foar Luie_Hond. De Ljouwerter funreggaeband skoarde sels in hit mei it nûmer 'Poes_in_de_playboy'.