Ekstra surveillânse nei brannen
De plysje ropt de help yn fan de ynwenners fan Sondel en Wikel om de brânen fan ôfrûne wykein op te lossen.
De kommende tiid wurdt ekstra surveillearre. Dat hat de plysje tongersdeitejûn tasein op in drok besochte ynformaasjejûn fan de gemeente Gaasterlân-Sleat yn Balk. Op dit stuit ûndersykje seis resjersjeurs de saak. Dy gean foarearst út fan brânstifting.