Restauraasje Borgmûne tichterby

21 des 2006 - 20:17

De gemeente Boarnsterhim hat 210.000 euro krigen fan it ministearje fan Underwiis Kultuer en Wittenskippen foar de restauraasje fan de Borgmûne op de Burd by Grou.

It giet dan om 70% fan de totale kosten fan de restauraasje. Krekt lyn hat de gemeente noch 65.000 euro beskikber steld. It bedrach dat noch ûntbrekt moat út oare fûnsen komme. Binnen twa jier moat de restauraasje klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)