'Helte fan de aaien is no fûn'

21 mrt 2012 - 19:46
  • In broedsje ljipaaien

Oant no ta is ûngefear de helte fan it oantal ljipaaien fûn dat dit jier meinommen wurde mei. Dat seit it Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten, it BFVW. It kwotum is dit jier fêststeld op 5939. It BFVW ferwachte yn earste ynstânsje dat it kwotum woansdei wol folsocht wêze soe, mar it tal fynsten is dochs leger as tocht.

It earste ljipaai waard dit jier op 10 maart fûn, goed oardel wike lyn. Dêrnei waarden ek al hiel gau op oare plakken aaien fûn. It BFVW ferwachtet no dat sneon of snein de lêste aaien fûn wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)