Thomaslieden set útein

Om't it tsien dagen foar âldjiersdei is, is yn Ketlik en Aldhoarne it Thomaslieden wer útein set. Mei as doel de boaze geasten dy't foar it tsjuster oerdeis soargje, te ferjeien. Mei it lieden fan de klokken wurdt besocht it ljocht werom te krijen.
Tongersdei ier en betiid is it lieden begûn en it hâldt oan oant 31 desimber. Wa't wol kin sels yn Ketlik oan de touwen lûke, op tongersdeite- jûn en freedtejûn om healwei achten.