Klachten oer wurkwize dokters

© Omrop Fryslân
It Frysk pasjinteplatfoarm Zorgbelang hat dit jier goed 400 klachten en meldingen krigen. Dat binne der in tsiental minder as yn 2005. De measte klachten giene oer de wurkwize fan húsdokters en spesjalisten yn sikehûzen.
Oer de nije soarchfersekering wiene yn ferhâlding net folle klachten. De dokterswacht, dêr't yn it ferline in soad klachten oer wiene, docht it no in stik better.