Nije fiskregels 'fataal'

21 des 2006 - 12:20

Der mei minder fisk fongen wurde en dat kin fataal wêze foar de fiskers by de ôfslach yn Harns. Dat seit direkteur Piet Lauwerse fan de fiskôfslach Insula yn Harns.

Tongersdei waard bekend dat 25 Europeeske ministers besletten hawwe dat der minder fisk fongen wurde mei. It giet dat benammen om kabbeljau, skol en tong. Insula moat it benammen hawwe fan de skol en tong en is dus net wiis mei de nije regeljouwing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)