Utsjochpunt toer komt moandei

21 mrt 2012 - 19:31

It nije útsjochpunt fan de Aldehou yn Ljouwert wurdt kommende moandei op de toer set. Moarns om in oere as njoggen wurdt de konstruksje nei boppen tild. It útsjochpunt komt boppe-op de toer te stean, oan de kant fan it Aldehoustertsjerkhôf. It útsjochpunt past binnen de plannen om de Aldehou oanlokliker te meitsjen foar publyk.

Doel is dat ek de iepeningstiden rommer wurde. Fierder komt der ek in Ingelsktalich boekje oer de toer. It nije seizoen foar de Aldehou begjint op sneon 14 april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)