Friezen yn race foar sporttitel

© Omrop Fryslân
It gymmestykbûn hat Epke Zonderland en Berber van den Berg nominearre foar de titel sportman en sportfrou fan it jier. Zonderland moat it opnimme tsjin Yeffrey Wammes en Yuri van Gelder, Van den Berg tsjin Lichelle Wonge en Yvonne Hartog.
Zonderland waard dit jier Nederlânsk Kampioen op de mearkamp en die it ek ynternasjonaal goed. Van den Berg is nominearre fanwege har goeie prestaasjes by it wrâldkapioenskip.