Tal grize seehûnen groeit

20 des 2006 - 22:08

Der wurde op dit stuit in opfallend soad grize seehûnen berne yn de Waadsee. Dat konstateare ûndersikers fan Imares yn Wageningen. Sy telle de beide soarten seehûnen dy't yn de Waadsee foarkomme. Ek komme de jonge seehûnen earder yn it jier op 'e wrâld as oars. Hoe't dat krekt komt wurdt noch fierder ûndersocht.

De grize seehûn is sûnt de jierren tachtich werom yn de Waadsee. Dêrfoar kaam er der noch amper foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)