ATF: boetes en wurkstraf easke

20 des 2006 - 16:01

Tsjin de trije direkteuren fan ôffalfabryk ATF yn Drachten binne boetes en wurkstraffen easke. Twa krije 30.000 euro boete en 200 oeren wurkstraf, in tredde 15.000 euro en 80 oeren wurkstraf as it oan it OM leit.

By it brân yn it fabryk giene hûnderten tonnen gemysk ôffal de loft yn. De Offisier fan Justysje ferwyt de direkteuren 'grove nalatigheid en onachtzaamheid'. De advokaten krije noch 3 dagen foar de ferdigening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)