Fertochte Ooms-moard langer fêst

20 des 2006 - 15:44

De fertochte fan de moard op Marinus Ooms (51) út Haulerwyk bliuwt noch 60 dagen fêstsitten. Dat hat de riedskeamer fan 'e rjochtbank woansdei bepaald. De 21-jierrige âld-ynwenner fan Haulerwyk sit al sûnt 6 novimber fêst. Hy wurdt fertocht fan moard of deaslach.

Ooms waard yn oktober dea yn syn hûs fûn. De fertochte sit yn beheining en mei gjin kontakt mei de bûtenwrâld hawwe, útsein mei syn advokaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)