Falske rekkens yn Skarsterlân

© Omrop Fryslân
Bedriuwen yn 'e gemeente Skarsterlân krije falske rekkens. De faktueren binne ôfkomstich fan in net-besteand bedriuw út Kollumersweach. It adres bestiet wol, mar is fan in kraakpân. It mobile tillefoannûmer dat op de rekken stiet, jout gjin gehoar.
De rekkens binne foar it skjinmeitsjen fan de wetterlieding en it nimmen fan meunsters en testen fan 'e lieding. Bedriuwen dy't noch net de dupe west hawwe, moatte goed oppasse.