TBC yn Snits

© Omrop Fryslân
In 50-jierrige frou út Snits hat in besmetlike foarm fan TBC ûnder de lea. De GGD hat dat woansdei bekendmakke. Der rint al in kontaktûndersyk. De frou is ek al ûnder behanneling foar de sykte.
Tuberkuloaze is in foarm fan long-ûntstekking wêrby't de pasjint lest hat fan ûnder oaren gewichtsferlies, wurgens en koarts. Besmetting bart troch direkt kontakt mei in oar persoan.