NHL nimt ôfskie fan De Bouhof

© Omrop Fryslân
Studinten en meiwurkers fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert (NHL) nimme woansdei ôfskie fan ´e lokaasje Bouhof. It gebou moat hielendal leechmakke wurde foar in grutte ferbouwing. Yn de Krystfakânsje ferhúzje de tûzenen studinten en meiwurkers nei tydlike lokaasjes.
Spesjaal foar it ôfskie is yn ´e kantine in grut feest. Dêr jout ûnder oare sjonger Syb_van_der_Ploeg in optreden.