Frysk jild nei NPS/VPRO-searje

© Omrop Fryslân
Foar in nije televyzjesearje fan NPS/VPRO oer de skiednis fan Nederlân stelt de provinsje Fryslân 100.000 euro beskikber. Dêrmei moat de histoarje fan Fryslân goed beljochte wurde. Deputearre Mulder wol net dat Fryslân der yn 'e searje sa min ôfkomt as yn de list fan ferplichte feiten, de Canon fan de Nederlânske skiednis.
De presintaasje fan de nije tv-searje is yn hannen fan Geert Mak. Yn 2008 is de searje te sjen op televyzje.