Tjerk Hiddes buerthûs ticht

19 des 2006 - 23:56

It Tjerk Hiddes-buerthûs yn Ljouwert giet ticht. It bestjoer hat it te mâl dien en is troch de gemeente oan 'e kant set. Wat de doar ticht die, wie de lêste 'Hollandse' middei dy't dêr plakfûn. Dat rûn folslein út de hân mei fjochtpartijen en in soad oerlêst foar de buert.

De aktiviteit dy't foar woansdei op it program stiet, kryststikjes meitsje foar de bern, giet noch wol troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)