Net folle animo auto-subsydzje

19 des 2006 - 16:58

Der is net folle animo foar autoriden op ierdgas. Sels in subsydzje fan 1000 euro fan de gemeente Ljouwert en in jier lang fergees parkearen kin autoriders noch net oerhelje. Der binne tsien opjeftes, wylst der jild en ûntheffings foar 40 is. De earste krige tiisdei yn Ljouwert de fergoedings út hannen fan wethâlder Krol. It lege tal oanmeldings komt trochdat der amper ierdgasstasjons binne om te tanken, tinkt Krol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)