Twa ferwûnen yn Drachten

© Omrop Fryslân
Yn Drachten binne moandei twa minsken ferwûne rekke, nei alle gedachten troch de glêdens. In automobilist (27) út Aldegea-Sm botste mei syn auto tsjin in beam. De man is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.
By it ôfhandeljen fan dat ûngelok gie in 36-jierrige man út Koatstertille mei syn brommer ûnderút. Dy man is ek mei ferwûnings nei it sikehûs brocht. It ûngelok barde op de Kletsterloane.