Bedriuwen bliid mei Oerolteater

19 des 2006 - 12:26

It bedriuwslibben op Skylge is bliid mei de komst fan in permanent Oerolteater op it eilân. It bestjoer fan Oerol wol dêrmei it kulturele oanbod op it eilân fersterkje. It nije teater soe by Dellewal op West-Skylge komme moatte. De plannen wurde ynkoarten troch de rie fan Skylge besprutsen.

It eilanner bedriuwslibben is yn alle gefallen posityf, sa die moandeitejûn bliken op in ynformaasjegearkomste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)