Auto rydt hast op fuotgongers yn

19 des 2006 - 12:21

De plysje yn Snits siket de bestjoerder fan in lytse reade auto dy't op 2 desimber hast twa fuotgongers fan de sokken ried op de Galigapromenade. Dat wie om healwei sânen jûns. Ek in oare fuotgonger koe krekt op 'e tiid fuortspringe.

De bestjoerder fan de auto hie earder al wat roppen tsjin it twatal en achterfolge harren. De plysje is op syk nei de tredde fuotgonger en oare tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)