Alve jonges oppakt yn Wolvegea

19 des 2006 - 10:32

Yn Wolvegea binne alve jonges oppakt foar ynbraken en fernielings. De plysje kaam harren op it spoar nei't se mei flinterbommen in winkeldoar en rút opblaasd hiene. De ferkeaper fan it fjoerwurk sette de plysje op it spoar fan in Wolvegeaster (17). Dy wist fan de oare jonges.

De jonges hawwe ek ynbrutsen yn hoarekagelegenheden, fuotbalkantines en oare gebouwen, en brân stichte by in ytgelegenheid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)