Mear jûnssprekoeren MCL

Sikehûs MCL yn Ljouwert wreidet it tal sprekoeren jûns út. Pasjinten kinne fan jannewaris ôf jûns ek terjochte by de eachdokter en de ynternist.
It jûnssprekoere bestie al foar de urolooch en de KNO-artsen. Dêr komme hiel wat minsken op ôf. It MCL hat ek noch plannen om in jûnssprekoere te hâlden by it Centrum Bijzondere Tandheelkunde. Dat begjint yn febrewaris.