Obstakel yn Alvestêderûte

© Omrop Fryslân
De Alvestêdetocht krijt der in ekstra obstakel by, as de tocht takom jier hâlden wurde soe. Troch de oanlis fan it nije akwadukt yn de Geeuw by Snits komt der oer de Geeuw tydlik in hiel lege brêge, dêr't it ferkear fan de A7 oerhinne komt.
Reedriders kinne net ûnder dy brêge troch en dat kin in probleem wurde, want klune oer in drokke dyk is ek dreech. Der hat yntusken oerlis west mei de Alvestêdeferiening.