Frijwilligers yn it sintsje

18 des 2006 - 15:39

De gemeente Hearrenfean hat moandei in tal ynwenners yn it sintsje setten, om't se it goeie foarbyld jouwe. It giet om trije minsken dy't har frijwillich ynsette om swalkôffal op te rêden. De trije krigen in spjeldsje foar har ynset.

Ien fan har is Joop Dol fan Mildaam, 74 jier jong. Moandeitemoarn wie er mei syn spesjale fyts, mei in jiskefet oan it foartsjil, op it gemeentehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)