Neiheffing Harkemase Boys

18 des 2006 - 13:59

Harkemase Boys hat nei kontrôle fan 'e belestingtsjinst noch in oanslach krigen oer de lêste fiif jier. It giet om in foarheffing fan 15.000 euro. Dat bedrach sil nei alle gedachten útdraaie op in definitive oanslach fan 7.500 euro. It giet foaral oer de ferantwurding fan 'e kantine-omset.

De belesting fiert by alle klubs yn 'e haadklasse ekstra kontrôles út. De earste kontrôles ha mei-inoar laat ta heffingen fan sawat in miljoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)