Oerfaller oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat snein in 27-jierrige Ljouwerter oanholden op fertinking fan trije oerfallen. Sneontemiddei bedrige de fertochte in meiwurker fan in winkel oan de Nijstêd mei in mes en easke jild. De meiwurker wist de man lykwols de saak út te wurkjen.
Letter besocht de fertochte it noch yn in oare winkel en yn in horekasaak. Ek yn dy saken naaide er sûnder bút út. De plysje koe de man oppakke oan de hân fan in sinjalemint.