"Sintrum oer Reve yn Fryslân''

18 des 2006 - 11:45

Huize Het Gras yn Greonterp moat ynrjochte wurde ta oantinken oan skriuwer Gerard Reve. Dy wenne dêr yn de jierren sechtich. Syn eardere minnaars Teigetje en Woelrat - Willem van Albada en Henk van Manen - wolle dat graach.

De manlju wolle har neilittenskip oan de tiid mei Reve graach tentoanstelle yn in nij museum dat yn Ljouwert komme moatte soe. Dat seine se snein by in literêre middei oer Reve.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)