Gebouwen Stellingwerven fêstlein

© Omrop Fryslân
De gemeenten East- en Weststellingwerf sille tegearre in registraasjesysteem opsette fan alle huzen en oare gebouwen yn de gemeenten.
Oer twa jier moat fan alle gebouwen yn de gemeenten dúdlik wêze wêr't se krekt steane, wa't se brûkt en wêrfoar. Ek wurdt fêstlein wat de mooglike risiko's yn de omkriten fan it gebou binne. It is foar it earst dat East- en West-Stellingwerf sa'n grut projekt tegearre oppakke.