Frou mishannele toch ynbrekkers

18 des 2006 - 10:42

In 39-jierrige frou út Bûtenpost is sneontemiddei mishannele yn har wenplak. De frou seach twa manlju dy't besochten yn te brekken yn in winkel. Beide hiene in helm op en naaiden hurd út doe't se frou seagen.

De frou sette de achterfolging yn en koe se te pakken krijen. Dêrop waard se troch ien fan de manlju tsjin in muorke treaun en in pear kear slein. De fertochten stapten dêrnei op in skooter en rieden fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)