Fryske suksessen by judotoernoai

17 des 2006 - 17:46

It iepen Noard-Nederlânsk judokampioenskip, snein yn Burgum, wie ien mei Fryske suksessen. Jeannet_Visser út Burgum waard earste yn ´e gewichtsklasse oant 78 kg.

Wessel_Anne_van_de_Ploeg út Burgum (oant 50 kg), Monique_Zoontjens, ek út Burgum (oant 57 kg) en Seije_Gorter út Twizelerheide (oant 90 kg) waarden ek earste. Europeesk kampioen Jennifer_Wichers út Burgum die net mei. Sy hie in trainingskamp fan it judobûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)