Planetarium krijt ynstrumint

It Eise_Eisinga_Planetarium yn Frjentsjer hat sneon in planetariumynstrumint oerlange krigen fan de Amsterdamske ynstrumintemakker Hartog_van_Laun. It giet hjir om in houten skiif wêryn't de stjerrebylden moai foarmjûn binne.
De planeten binne útfierd yn bewurke ivoar en kinne mei help fan koperen earmkes om de sinne hinne bewege. It stik waard sneon oan it planetarium skonken troch de famylje Van Asperen.