Fjoerwurk yn brievebussen

17 des 2006 - 16:12

In jonge (14) út Drachten is sneontejûn oanhâlden om't er mooglik mei fjoerwurk fernielings pleegd hat. Sa soe er tegearre mei inkelde oaren in tal brievebussen yn Drachten opblaasd ha.

Hy ûntkende fernielings pleegd te hawwen, mar bekende al fjoerwurk ôfstutsen te hawwen. Yn it hûs fan de jonge trof de plysje saneamde flinterbommen oan. De plysje sil de rest fan de groep ek noch ûnderfreegje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)