List Vroege Vogels: Gea omheech

17 des 2006 - 10:47

It Fryske Gea is ien plakje omheech gongen yn de jierlikse list fan ledenoantallen fan natuerklups. It Fryske Gea gong fan 23 nei 22. De list is snein bekind makke yn it radioprogramma Vroege Vogels fan de VARA.

De Waadferiening is op it 13-de plak stean bleaun. Ferline jier rekke de feriening noch 1500 leden kwyt. De BFVW is wat omheech gongen yn de list en stiet no op plak 20.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)