Geref. tsjerke Harns weriepene

16 des 2006 - 17:00

Nei twa jier kinne de tsjerkegongers fan de frijmakke Gereformearde Tsjerke fan Harns wer yn har gebou. 23 desimber 2004 gie de tsjerke foar in grut part yn flammen op. Mar mei de help fan in soad frijwilligers kinne fan sneon ôf de doarren wer iepen.

It nije gebou hat de namme 'De Haven' krigen, ferneamd nei in nûmer fan de popgroep Bløf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)