Himmelaksje yn Aldskoat
Yn Aldskoat waard sneon in grutte himmelaksje holden. Elkenien koe syn rotsoai kwyt. De ynwenners fan it doarp by It Hearrenfean koene âlde kompjûters, kuolkasten, waskmasines mar ek lytsere saken kwyt yn konteners by de dyk.
It gong om in inisjatyf fan de gemeente en it pleatslik belang. De aksje wie in grut sukses. Aldskoat giet skjin de kryst temjitte.