Ravaazje by ynbraak Frjentsjer

© Omrop Fryslân
Dieven ha freed oerdei in ravaazje oanrjochte yn in wenhûs oan de Spaarbankstrjitte yn Frjentsjer. Yn it hûs is alles oer de kop helle. De ynbrekkers kamen binnen troch in rút mei grof geweld iepen te brekken.
Der is fan alles meinommen, lykas in kompjûter, in televyzje, in djoere lûdsynstallaasje en in magnetron. De plysje hat ûndersyk dien yn de buert. Sneon docht de technyske resjerzje noch in spoare-ûndersyk.