Famke (17) oanriden yn De Blesse

© Omrop Fryslân
In famke (17) is fannewike yn De Blesse oanriden troch in buske, dat nei it ûngelok trochriden is. De plysje siket tsjûgen fan de oanriding tongersdeitemoarn op de Markewei. It famke sloech linksôf, doe't it buske har ynhelle. Se foel op de dyk.
De bestjoerder is útstapt om de skea oan syn buske op te nimmen. Hy frege it slachtoffer oft se yn oarder wie en doe't it famke knikte, ried er fuort. It famke hie meardere kniezings.