Helptsjinsten Boalsert by inoar

16 des 2006 - 13:26

De brânwacht en de plysje krije yn Boalsert in mienskiplik nij gebou. De kazerne oan de Grutte Kampen foldocht al lang net mear en it plysjeburo oan de Frjentsjerterstrjitte is te grut.

De nijbou moat oan de Hichtumerwei komme, op in terrein der't no in hûneferiening oefenet. Fan de Hichtumerwei ôf moat de helptsjinsten oeral yn en om Boalsert gau te plak wêze kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)