400 besikers foar 'Rôze freed'

16 des 2006 - 13:23

In grut homo- en lesbiennefeest hat freed goed 400 minsken nei Thialf op It Hearrenfean lutsen. Dêrmei foel de opkomst bot ôf. De organisaasje wie yn it foar útgien fan goed 1500 gasten en hold der sels rekken mei dat der 5000 minsken nei Thialf komme soene.

Dochs is de organisaasje net ûntefreden oer it ferrin fan de earste feestjûn spesjaal foar homo's yn de iishal. Se binne fan doel ek takom jier in 'Rôze Freed on Ice' te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)