Alle stewards Cambuur fuort

15 des 2006 - 19:13

Alle 60 stewards fan Cambuur binne opstapt. Se binne solidêr mei de haad steward Anno Bosgraaf dy't nei in konflikt mei de direksje opstapte. Cambuur hat no in befeiligingsbedriuw, studinten fan de Friese Poort en ekstra plysje ynhierd.

De stewards hawwe te hearren krigen dat wa't der no útgiet, der net wer ynkomt. Cambuur moat dus op syk nei nije stewards.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)