Rjochter jout Uneputty ûngelyk

15 des 2006 - 17:32

Daniël Uneputty mei fan de rjochter net as befeiliger oan it wurk. De plysje Fryslân moast oardielje oer de betrouberens fan de president fan de Hells Angels yn Amsterdam. Dat is nedich omdat er no foar in Frysk befeiligingsbedriuw wurket.

De plysje fynt dat der genôch twifel is oer de betrouberens fan Uneputty. Ek al is er nea feroardiele. It is noch net bekend of't Uneputty yn heger berop giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)