Oerienkomst oer rampferfier

15 des 2006 - 15:23

De gemeente Skarsterlân en transportbedriuw Oenema hawwe in oerienkomst sletten oer it ferfier fan persoanen by in ramp. De gemeente moat dat dwaan foar de wet Rampen en Zware Ongevallen.

It ferfier jildt ek foar saken dy't in protte jild kosje of in soad wearde ha. Oenema sil by in ramp dus guod út it Museum Joure ferfiere en tydlik opslaan. De gemeente sil yn 'e takomst mear fan sokke oerienkomsten slute.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)