Reduzum wint enerzjywedstriid

15 des 2006 - 12:52

Reduzum is de winner wurden fan de Noardlike klimaatwedstriid fan de Miljeufederaasje. Trije doarpen strieden derom wa't it meast op de enerzjyrekken besparje koe. It Drentse Westlaren waard twadde en Warfhuzen yn Grinslân tredde. De Redústers besparren mear as 50%, mei as koprinner Hennie_Hof mei 80%. It winnende prizejild fan 4500 euro is foar enerzjymaatregels yn de skoalle yn Reduzum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)