Fjouwer ferwûnen by botsing

15 des 2006 - 11:08

By in oanriding op it Ljouwerter bedriuweterrein De_Himrik binne tongersdeitejûn fjouwer minsken lichtferwûne rekke. It ûngelok barde doe't in automobilist út Twizelerheide gjin foarrang joech oan in bestjoerder út Sint_Anne. Beide auto's rôlen oer de kop. De iene auto bleau op it dak lizzen. Njonken de beide bestjoerders rekken ek in ynsittende fan elk fan de auto's ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)