Gemeente helpt teater Koarnbeurs

15 des 2006 - 10:27

De Koarnbeurs yn Frjentsjer krijt 150.000 euro fan de gemeente om út de finansjele problemen te kommen. It teater hat in skuld fan goed 170.000 euro. As der neat bart, wurdt dat trije ton. B en W woene helpe en de ried stimde dêr tongersdei mei yn.

De gemeente jout it jild ûnder strange betingsten. Sa moat de lieding yn alle gefallen mei in besuningsplan komme. Fierders moatte de begruttings foar de kommende jierren slutend wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)