Waterman mei ferhierd wurde

15 des 2006 - 10:25

Hearrenfean-doelman Boy Waterman mei yn de winterstop ferhierd wurde oan Sparta, mar dan moat hy syn kontrakt wol ferlinge. Dat kontrakt rint oan de ein fan dit jier ôf. Waterman is op dit stuit twadde keeper achter Brian Vandenbussche. Hy wol ûnderfining opdwaan op it heechste nivo, mar Hearrenfean wol Waterman net kwyt.

De fjirde keeper, Danny Wintjens, mei wol fuort yn de winterstop. Hy hat gjin takomst mear by Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)