Etappewinst Jeroen de Vries

Reedrider Jeroen_de_Vries fan Sint_Nyk is tongersdeitejûn yn Utrecht winner wurden fan de 4e etappe fan de maratonseisdaagse Greenery.
De Vries gie der yn de lêste fase fan de wedstryd fan troch út in kopgroep fan tsien man en kaam allinnich oer de finish. Jeroen_de_Vries komt dêr mei op in 5e plak yn it algemien klassemint. Teoretysk is it noch mooglik om foar in oerwinning yn it einklassemint te gean.