Hearrenfean útskeakele foar UEFA

14 des 2006 - 23:06

Fuotbalclub sc_Hearrenfean is útskeakele foar de UEFA-beker.

De Friezen hawwe wol mei 1-0 wûn fan it Frânske RC_Lens troch in doelpunt fan Afonso_Alves út in frije traap. Mar dat wie net genôch. De ploech fan Gertjan_Verbeek hie in romme oerwinning nedich om fierder te kommen. Der moast minimaal mei trije doelpunten ferskil wûn wurde. Hearrenfean krige wol mear kânsen, mar de goal foal pas flak foar tiid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)