Helptsjinsten rukke út yn Harns

Brânwacht, ambulânses en plysje yn Harns binne massaal útrukt om te helpen by in kalamiteit by kaskobouwer Spaansen. Tsien minsken binne út foar- soarch nei it sikehûs brocht nei in ûngefal mei in semintsilo.
In meiwurker luts in lûk fan de silo iepen. Dêr kaam doe in grutte stofwolk fan semint út en dy soarge foar problemen mei it sykheljen by omstanners. Ien dêrfan skrok sa dat er fuortrûn, stroffele en in skonk bruts.